Vandenbussche spilet net mei

25 jul 2009 - 12:43
  • Brian Vandenbussche (foto: Martin de Jong)

Wylst syn ploechgenoaten sneontejûn om acht oere tsjin AZ om de Johan Cruyffskaal spylje, sit Brian Vandenbussche thús. It kontrakt fan de eardere earste doelman fan Hearrenfean rint noch twa jier troch, mar Vandenbussche hat fan trainer Trond Sollied te hearren krigen dat er by Hearrenfean gjin takomst mear hat.

Vandenbussche traint wol mei de earste seleksje, mar stiet net mear op it wedstriidformulier. Hy moat op syk nei in oare wurkjouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)