Vandenbussche is heit wurden

27 okt 2006 - 16:14

Hearrenfean-keeper Brian Vandenbussche is freed foar de earste kear heit wurden. It giet om in jonkje, dy't de namme Arno krigen hat. Vandenbussche wie fanwege de gesinsútwreiding freed net op de lêste trening foar de wichtige thúswedstriid tsjin Ajax.

It is op dit stuit noch net dúdlik wa't sneontejûn ûnder de latte stean sil. As Vandenbussche wedstriidfit is dan spilet hy. Oars docht trener Verbeek in berop op Boy Waterman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)