Vandenbussche faaks nei Poalen

15 nov 2006 - 07:43

Keeper Brian Vandenbussche fan SC Hearrenfean hat in grutte kâns om woansdei te debutearjen as basisspiler by de reade duvels, it Belgyske nasjonale alvetal. België spilet dan yn Brussel de EK-kwalifikaasjewedstryd tsjin Poalen, de ploech fan de Nederlânske trener Leo Beenhakker.

Vandenbussche moat mooglik keepe, omdat de nûmer ien fan België, Stijn Stijnen, in blessuere hat. De Belgyske bûnscoach nimt woansdei in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)