Van Wieren bêste dialekt-act

28 des 2008 - 14:57
  • Van Wieren docht mei oan de Praat mar Frysk-kampanje

De Fryske band Van Wieren is útkeazen ta bêste dialekt-act 2008. Dat waard bekend makke op it Dialectpop Festival Nederland dat hâlden waard yn Heinkenszand.

Van Wieren wûn net allinich de sjuerypriis, mar ek de publykspriis. Sa'n 120 bands hiene har ynskreaun foar it festival dat troch sa'n 1200 minsken besocht is. Van Wieren wûn yn 2005 it Fryske sjongfestival Liet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)