Van Wely wint NK skaken

05 jul 2003 - 00:00

Loek van Wely is sneon yn Ljouwert foar de fjirde kear Nederlânsk kampioen skaken wurden. Dat is in prestaasje dy't sûnt Max Euwe net mear foarkommen is. It jonge talint Daniël Stellwagen (16) einige op it twadde plak.

De Fries Sipke Ernst spile remize op 'e lêste dei en einige yn 'e middenmoat. Hy kwalifisearre him net foar it NK fan takom jier. Van Wely mei in bedrach fan 11.250 euro mei nei hûs ta nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)