Van Wely ûnderút op NK Skaken

02 jul 2004 - 16:17

Ferrassende ûntwikkelingen op 'e twadde dei fan it NK skaken yn Ljouwert. Favoryt Loek van Wely, al fjouwer kear Nederlânsk kampioen, ferlear tongersdei syn partij fan talint Erwin L'Ami. L'Ami sette Van Wely op spektakulêre wize mat. Sokolov en Stellwagen wûnen harren partijen en geane no oan de lieding yn it klassemint.

De Fryske dielnimmer Yge Visser ferlear ek syn twadde partij, no fan feteraan John van der Wiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)