Van Wely kampioen, Visser remise

10 jul 2004 - 09:37

Loek van Wely is freed yn Ljouwert foar de fyfde kear op rige Nederlânsk kampioen skaken wurden. Op de slotdei fersloech Van Wely Friso Nijboer. Omdat Ivan Sokolov, de grutte konkurrint fan Van Wely, tsjin Yge Visser net fierder kaam as remise, einiget Van Wely in heale punt boppe Sokolov.

Foar Yge Visser betsjut de puntedieling tsjin Sokolov dochs noch in opstekkerke oan 'e ein fan it NK, wêryn't er sân fan 'e 9 partijen ferlear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)