Van Vollenhove iepenet golfbaan

12 maaie 2005 - 12:03

Op It Amelân wurdt oare wike woansdei in nije golfbaan iepene. Mr. Pieter van Vollenhoven docht de offisjele iepeningshanneling. De baan bestiet út njoggen holes en is foar elkenien tagonklik.

Dat betsjut dat bygelyks toeristen sûnder golffeardigensbewiis ek in baltsje slaan kinne. De golfbaan hat 730.000 euro koste. Dat bedrach is opbrocht mei subsydzjes. De nije baan leit by D'Amelander Kaap by Hollum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)