Van Tuinen út haadklasse

09 aug 2003 - 00:00

Opslagger Pieter van Tuinen fan it partoer mei Chris Wassenaar en André Kuipers set nei dit seizoen in punt achter syn haadklassekarrière.

Van Tuinen sjocht gjin útdaging mear yn syn opslaggerskarrière en wol op leger nivo as útslagger fierder. Boppedat wol er him op syn maatskiplike karrière rjochtsje. Hy hat twa kear de PC wûn, yn 2001 en 1997. Hy waard yn 1997 ek kening. Net bekend is mei wa't Chris Wassenaar en André Kuipers trochgeane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)