Van 't Veen baas Frysk Museum

07 nov 2000 - 12:41

Cees van 't Veen wurdt mei yngong fan 1 febrewaris de nije direkteur fan it Frysk Museum en it Prinsessehôf yn Ljouwert. De yn 1955 yn Ljouwert berne opfolger fan Van Krimpen is no pleatsferfangend Sekretaris-Generaal by it ministearje Folkssûnens, Wolwêzen en Sport.

Van 't Veen studearre ekonomy en keunstskiednis. Hy wie earder direkteur kultureel erfguod en kultuerbehear by WVC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)