Van Schaick tredde yn Bedum

03 okt 2004 - 14:45

Hurdrinster Inge van Schaick út Ljouwert is sneon yn it Grinslanner Bedum tredde wurden by de Walfridusrin oer tsien Ingelske mijlen. Van Schaik finishte yn ien oere, 7 minuten en 23 tellen.

Friezinne-om-utens Mirjam Bylsma fan Súdlaren wie in klasse apart en wûn de wedstriid yn ien oere, 1 minút en 8 tellen. Bertha Bruggenkamp fan Smilde waard twadde en Jolanda de Vries fan Grins waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)