Van Ruiten sels yn rjochtbank

06 feb 2008 - 16:57
  • Saskia van Ruiten is in stik opknapt yn Sweden

De soarchfersekerder fan de Ljouwerter anoreksiapasjinte Saskia van Ruiten moat de terapy dy't sy folget yn Sweden, fergoedzje. Dat easke har advokaat woansdei foar de rjochtbank yn Ljouwert.

Van Ruiten hat al lang anoreksia en wie útbehannele yn Nederlân. Se hat yn Sweden in spesjale terapy folge en dêr is se in stik better fan wurden. Neffens Univé is der net genôch bewiis dat de Sweedske terapy helpt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)