Van Rijswijk werom by Cambuur

08 apr 2004 - 00:00

René van Rijswijk hat by Cambuur in kontrakt foar twa seizoenen tekene. De 33-jierrige oanfaller krige by NEC gjin ferlinging. Hy skoarde dit seizoen twa kear. Yn it fuotbalseizoen 1995-1996 kaam Van Rijswijk nei Ljouwert. Hy bleau 3,5 jier.

Van Rijswijk wennet yn Ljouwert. Hy is ien fan de nije spilers mei in soad ûnderfining dy't derfoar soargje moatte dat Cambuur hegerop komt yn earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)