Van Rijn grypt net yn by jeugdsoarch yn Fryslân

30 jun 2015 - 15:45

Steatssiktaris Martin van Rijn fan folkssûnens sjocht gjin oanlieding om yn te gripen by de jeugdsoarch yn Fryslân. Earder die bliken dat der grutte tekoarten driigje te ûntstean by Fryske gemeenten troch de jeugdsoarch. Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert luts dêr oer oan de bel.

Keamerlid Nine Kooiman fan de SP woe dêrop fan de steatssiktaris witte hoe't hy der foar soargje kin dat de bern garandearre wurde fan jeugdhelp. Van Rijn seit no dat dit in taak fan de gemeente is en bliuwt.

Hy hat der nei oerlis mei de gemeente Ljouwert alle fertrouwen hat dat it goed komt, sa skriuwt er yn in brief oan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)