Van Renssen hâldt op

04 nov 2009 - 12:10
  • Anneke van Renssen nimt ôfskied

Artistyk lieder Anneke van Renssen hâldt op mei har wurk by Film in Friesland. Dy organisaasje is ûnder oare ferantwurdlik foar it Noordelijk Film Festival (NFF) en it Filmhûs.

Van Renssen wurket sûnt 1991 foar de organisaasje. Under har lieding is it NFF útgroeid fan in lyts evenemint nei in festival mei lanlike útstrieling. It filmfestival fan ferline jier wie al net mear yn hannen fan Van Renssen. Se wie doe siik. Se nimt takom wike ôfskie fan it NFF.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)