Van Raalte nei HHC Hardenberg

06 des 2007 - 19:40

Jan van Raalte wurdt it kommende seizoen trainer fan sneons-haadklasser HHC út Hardenberg. De 37-jierrige Ljouwerter is op dit stuit mei syn fjirde seizoen as trainer dwaande by haadklasser Flevo Boys út Emmeloord.

Van Raalte hat as spiler aktyf west foar ûnder oare Cambuur, Emmen en Swolle. Ek hat hy spile by Harkemase Boys. Jan van Raalte hat in kontrakt fan twa jier tekene by de koprinner yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)