Van Panhuysbrêge ticht

01 nov 2014 - 11:07
  • Stremming Van Panhuysbrêge

Autoferkear fan Ljouwert en Boalsert nei de Súdwesthoeke hat sneon de hiele dei lêst fan in ôfsluting fan de N359 by Tsjerkwert. Al in pear wiken wurdt wurke oan de Van Panhuysbrêge, mar dy brêge is sneon hielendal ticht. Auto's moatte omride oer Snits, Balk en Warkum.

Foar fuotgongers en fytsers wurdt in pontsje ynset. Foar de skipfeart is de brêge noch wol in skoft ticht. Op 3 febrewaris is de brêge wer te brûken. Oannimmer Jansma fan Drachten is yn septimber begûn mei de renovaasje fan de mear as 40 jier âlde brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)