Van Opzeeland nije fraksjefoarsitter Opsterlands Belang

20 okt 2015 - 22:36

Marcel van Opzeeland út Sigerswâld is de nije fraksjefoarsitter fan Opsterlands Belang. Hy folget Dieko van der Harst op, dy't fanwege privee-omstannichheden opstappe moast.

Van Opzeeland is al alve jier by Opsterlands Belang belutsen, ûnder oare as riedslid. Hy stiet bekend om syn krityske hâlding tsjinoer bygelyks de saneamde mienskiplike regelingen, lykas de FUMO. Dy binne neffens him net demokratysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)