Van Olffen teloarsteld yn PvdA

06 maaie 2013 - 11:07
  • Jan van Olffen

PvdA-riedslid Jan van Olffen yn de gemeente Ljouwert is teloarsteld en lulk dat de partij him net op de list foar de riedsferkiezings yn novimber set hat. Van Olffen sit sûnt 1986 yn de ried en hie der graach noch in perioade oan fêst knoopje wollen. Foarsitter Ap Timmermans fan de kandidatekommisje seit lykwols dat Van Olffen yn de ried net mear funskjonearre sa't moat.

Kollega-riedsleden hiene yn in anonime enkête oanjûn dat der gjin draachflak foar Van Olffen (71) wêze soe. Op 25 maaie sille de leden har oer de list útsprekke.

De top trije fan de PvdA-kandidatelist bestiet út listlûker Henk Deinum, fraksjefoarsitter Sjoerd Feitsma, âld-riedslid Tamara Bok en wethâlder Andries Ekhart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)