Van Noord bliuwt noch in jier

07 jun 2007 - 11:15
  • Bennie van Noord (foto: AZ-site)

Ferdigener Bennie_van_Noord hat in kontrakt foar ien jier tekene by Cambuur. De 21-jierrige spiler waard it lêste healjier al hierd fan AZ. Van Noord hat de hiele jeugdoplieding trochrûn by de Alkmaarders. Hy moat de konkurrinsje oangean mei in oare rjochterferdediger dy oerkomt fan AGOVV, Dennis van der Ree.

Cambuur moat no noch op syk nei twa oanfallers. Dêrnei soe de seleksje foar it nije seizoen klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)