Van Mourik: prate mei Ingelum

25 jan 2013 - 11:59

Boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel giet yn petear mei ynwenners fan Ingelum oer de konsekwinsjes fan it opromjen fan in bom by it Ljouwerter fleanfjild. Dat bart op sneon 2 febrewaris. Omwenjenden moatte hjirfoar har hûs ferlitte.

In soad bewenners fan Ingelum binne dat lykwols net fan doel fanwege in grut ferskaat oan redenen. Boargemaster Van Mourik sil no in 'iepen petear' fiere mei de Ingelumers. Pas nei dat petear sil de boargemaster oanjaan hoe't it fierder moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)