Van Mourik-Booij meie fierder

11 jan 2009 - 00:29
  • De 425 fan Van Mourik en Booij

It Wolvegeaster duo Gerrit van Mourik en Henk Booij kin dochs fierder yn de Dakar rally fan 2009. Freed like harren aventoer yn Súd-Amearika oer en dien te wêzen omdat se maleur mei de auto hiene. Sneontejûn let hat de organisaasje besletten dat sa'n tsien dielnimmers nei de rêstdei fan sneon dochs fierder meie.

It team krijt wol in tiidstraf fan 100 oeren, mar dat makket de manlju neat út. Se ha no mar ien doel foar eagen: de einstreek yn Buenos Aires helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)