Van Middelaar en Huckriede winne hynstekonkoers Droegeham

13 sep 2015 - 14:10
  • Harry van Middelaar

It NK foar ienspannen dekhynsten Frysk ras op it konkoers hippyk yn Droegeham is wûn troch Harry van Middelaar mei de hynst Thorben. Der diene seis spannen mei. Van Middelaar út Boyl die as gastrider mei mei Thorben. By it konkoers foar ienspannen dekhynsten KWPN-ers gie de winst nei Lambertus Huckriede mei de hynst Eebert.

It konkoers hippyk yn Droegeham hie ferline wike wêze sillen, mar is doe útsteld, omdat it fjild te wiet wie trochdat it sa bot reind hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)