Van Marxveldt lies deiboek Frank

10 jun 2006 - 12:24

De Fryske skriuwster Cissy van Marxveldt hat as earste it manuskript fan it deiboek fan Anne Frank lêzen. Yn 1945 gie Otto Frank mei it deiboek fan syn dochter nei har ta. Foar Anne Frank wie de skriuwster in foarbyld.

Cissy van Marxveldt waard berne yn 1889 yn Oranjewâld as Setske de Haan. Yn de jierren 1920 en 1930 skreau se famkesboeken oer Joop ter Heul. Der komt meikoarten in biografy fan Cissy van Marxveldt út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)