Van Maaren mei net foarlêze

26 maaie 2003 - 00:00

Loekie van Maaren komt net by de VVD om foar te lêzen út har boek. Sy soe woansdei by it polityk kafee fan de Ljouwerter liberalen parten foarlêze út har boek oer har tiid as Ljouwerter boargemaster. Mar de útjouwer wol pas publisiteit as it boek echt útkomt.

Earder wegere boekhannel Van der Velde Van Maaren te ûntfangen foar in boek-presintaasje. De boekhannel wol gjin stânpunt ynnimme yn de gefoelige saak. De Tille hat wol in presintaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)