Van Maaren hellet hurd út

29 okt 2001 - 00:00

De Ljouwerter wethâlders hawwe in minne bestjoerskultuer, in bytsje ûnderfining en fierstente folle ôfstân ta it gewoane folk. Dat sei boargemaster Van Maaren moandeitejûn yn har ferklearring.

Neffens Van Maaren woene de wethâlders ynformaasje út it rapport Monsma oer de OZB-belestingaffêre achterhâlde foar de ried. Van Maaren woe dat net. Nei har ferhaal gie Van Maaren gelyk fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)