Van Maaren by Dales op besite

10 jul 2007 - 15:35
  • Loekie van Maaren doe't se noch boargemaster fan Ljouwert wie

Ald-boargemaster van Ljouwert Loekie van Maaren is woansdei op besite yn Ljouwert. Skiedend boargemaster Geert Dales wol har sjen litte wat der feroare is yn 'e Fryske haadstêd sûnt Van Maaren yn 2001 fuortgien is.

De besite begjint op it stedhûs. Dêrnei krijt se in rûnlieding troch de stêd en de nije wiken Suderbuorren, Súdlannen en Biltsaerd. Van Maarens besite foarmet de ôfsluting fan de aktiviteiten fan Dales as boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)