Van Lunzen wint op It Amelân

13 des 2008 - 16:13
  • Van Lunzen wûn earder ek al de maraton fan Ljouwert

Remon_van_Lunzen út Ljouwert is foar de tredde kear achterinoar winner wurden fan ´e Adventure_Run op It Amelân. Van_Lunzen rûn de heale maraton yn in tiid fan 1.13.57. Dêrmei wie er goed in minút rapper as de nûmer 2, Michael_Woerden fan Mijdrecht.

It slagge Van Lunzen net om syn eigen parkoersrekord te ferbetterjen. Dat bliuwt stean op 1 oere, 11 minuten en 56 sekonden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)