Van Lunzen wint heale maraton

23 aug 2009 - 12:52

Hurdrinner Remon van Lunzen hat de heale maraton fan Bovensmilde op syn namme skreaun.De Ljouwerter kaam oer de streek yn in nij parkoersrekôr fan 1.10,38. Hy ferbettere it rekôr fan Ramiro Paris mei sân sekonden.

Jessica Oosterloo fan Appelskea waard sneontejûn yn Hollandscheveld (Drinte) tredde by de 54ste edysje fan de Singelloop. Oosterloo rûn de fiif kilometer yn 18 minuten en 24 sekonden. Winneres Pauline Claessen út Nijmegen wie 37 tellen rapper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)