Van Lunzen wint heale maraton

29 des 2007 - 15:59

Remon van Lunzen út Ljouwert is winner wurden fan de heale maraton yn Marrum. Van Lunzen rûn mei Rudi van der Lelie fan Jobbegea in grut part fan de heale maraton, mar hy wie yn de finale de rapste yn in tiid fan 1.11.26. Op 18 tellen lellen kaam Van der Lelie as twadde oer de streek.

De Drachtster Mariska Kramer wûn it maklik by de froulju yn 1.22.53.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)