Van Lunzen wint heale maraton

02 apr 2006 - 16:20

De heale maraton fan Ljouwert is wûn troch Remon van Lunzen. De Ljouwerter starte goed en koe de hiele wedstriid in foarsprong hâlde op de nûmer twa, Wilem Faber fan Sint Nyk. De eintiid fan Van Lunzen wie ien oere en 14 sekonden.

Tiedo Tinga fan De Lemmer wûn de sprint om it tredde plak fan Stefan van der Pol en Kosta Poltavets. Yvonne Kassenberg wie de winner by de froulju. Har tiid wie 1 oere en 28 minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)