Van Lunzen en Kassenberg winne

31 aug 2008 - 14:15
  • Yvonne Kassenberg (argyffoto)

Hurddravers Remon_van_Lunzen fan Ljouwert en Yvonne_Kassenberg fan Burgum ha sneon de klassiker Snits-Boalsert-Snits wûn. Van Lunzen die dat by de manlju yn in tiid fan 1.08,46. As twadde kaam Rudie van der Lelie fan Jobbegea oer de streek, op in dikke minút fan de winner.

Kassenberg wie by de froulju te sterk foar Ylona Kruis fan Ysbrechtum. Kruis rûn lang foarop, mar Kassenberg wist har te achterheljen. De winneres wûn yn in tiid fan 1.23,05.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)