Van Leunen ferstoarn

30 okt 2000 - 18:48

Piet van Leunen is snein op 73-jierrige leeftyd ferstoarn. Hy wie fan 1969 oant 1986 direkteur fan de seefeartskoalle Willem Barentsz op Skylge. Hy is op it eilân berne en dêr ek stoarn.

Nei syn pinsjoen bleau Van Leunen aktyf op maritym mêd. Hy hie de einredaksje fan it blêd fan âld-learlingen fan de seefeartskoalle. Yn 1986 krige Van Leunen in keninklike ûnderskieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)