Van la Parra nei Hearrenfean

30 aug 2011 - 11:30

SC Hearrenfean hat mei it oanlûken fan Rajiv van la Parra in opfolger foar Roy Beerens yn 'e hûs helle. De 20-jierrige rjochteroanfaller komt oer fan it Frânske Caen. Dêr liet de Rotterdammer koartlyn syn kontrakt ûntbine. Van la Parra hat in kontrakt tekene foar ien jier mei in opsje foar nochris twa seizoenen.

Moandeitejûn wie Hearrenfean al op haadlinen akkoart mei Van la Parra. Tiisdeitemiddei wurdt de oanfaller medysk keurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)