Van La Parra ferfangt Djuricic

25 apr 2013 - 15:29

Hearrenfeanspiler Filip Djuricic sil foar de wedstriid tsjin AZ fan freedtejûn ferfongen wurde troch Rajiv van La Parra. Djuricic foel ferline wike tsjin Ajax út mei in hamstringblessuere. It is noch ûndúdlik hoelang Djuricic útskeakele is. Yn de wedstriid tsjin Ajax foel Djuricic út wêrnei't Van La Parra op rjochts spylje gong en El Ghanassy op links. Fierder sjocht trainer Marco van Basten gjin reden om feroaring oan te bringen. Van Basten neamde de twadde helte tsjin Ajax miskien wol de bêste helte fan dit seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)