Van Klaveren wol akwadukt

20 okt 2006 - 16:07

Under de Van Helomafeart yn Wolvegea moat in akwadukt komme. Neffens boargemaster Van Klaveren kieze hieltyd mear automobilisten foar de rûte fia Wolvegea om by Emmeloord de A6 op te gean en dêrtroch wurdt de ferkearsdruk yn Wolvegea heger.

De oarsaak fan de drokte leit by it knooppunt It Hearrenfean. Dêr rint it ferkear hieltyd faker fêst. By it ministearje fan Ferkear is in aksjeprogramma foar sokke projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)