Van Keimpema: "In grut foarrjocht om mei de paus te praten"

25 jan 2016 - 09:47

Fiif bestjoerders fan de European Milk Board sille dizze wike prate mei de paus oer de molkpriis. Se binne mei 138 boeren út hiel Europa útnoege foar in mis. Dêrnei, meie de fiif bestjoersleden noch persoanlik mei de paus prate.

Twa bestjoersleden binne Friezen; Harm Wiegersma fan Rinsumageast en Sieta van Keimpema fan Nes. Neffens Van Keimpema fynt de paus it ekonomyske systeem net earlik. Se wolle witte wat hy wit fan de melkfeehâlderij en de gefolgen fan it belied.

De European Milk Board hie in fersyk foar in petear oanfrege mei de gedachte: "Nee ha je, ja kin je krije". Van Kempema fynt it "In grut foarrjocht" dat se útnoege is foar in persoanlik petear. Se meie fragen stellen en se sille in koer mei 'faire' molkprodukten oanbiede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)