Van Kaam wint Stienzerloop

15 maaie 2005 - 17:29

René van Kaam fan Marrum wûn sneon de Stienzerloop. Van Kaam lei de heale maraton ôf yn in oere, 18 minuten en 26 tellen. Van Kaam wie mear as trije minuten flugger as de nûmer twa, Jacob van der Ley fan Ljouwert.

Saco Hemstra fan Weidum waard tredde, Jasper Keizer fan Sint Anne fjirde, Huib Jan Imbens fan Wurdum fyfde, Klaas Jan Elzinga fan Landsmeer sechde, Harmen Jorritsma fan De Jouwer sande en Willem Hofman fan Hijum achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)