Van Kaam winner Seedykrin

20 sep 2004 - 10:14

René van Kaam hat de maraton fan de Seedykrin wûn. De Marrumer rûn op de rûte tusken Easterbierrum en Marrum de hiele tiid allinnich en kaam binnen yn 2.46,16. Hy lei 36 minuten foar op de Brit Michael Hansen.

Op de 30 kilometer wie Klaas Talma de bêste. De Gordykster hie 1.53,00 nedich en lei 7 minuten en 9 sekonden foar op Auke Postma út Damwâld. Mariska Kramer-Postma fan Drachten wie de earste frou yn 2.10,04.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)