Van Harinxmakanaal wurdt djipper

18 nov 2005 - 09:28

It Van Harinxmakanaal sil tusken Harns en Frjentsjer djipper makke wurde, sadat der gruttere skippen troch farre kinne. Yn de takomst moat it kanaal op dat trajekt geskikt wurde foar skippen mei in djipgong fan 3,5 meter en in laadfermogen fan 2500 ton.

De provinsje hat dat besletten nei ynspraak fan ferfierders, ferladers en oare ûndernimmers fan de Westergosône. It is ekonomysk needsaaklik dat de ferdjipping der komt, sa sizze sy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)