Van Hall nimt maatregels foar beskerming persoansgegevens

08 mrt 2016 - 12:51
  • Van Hall Larenstein yn Ljouwert

It bestjoer fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert hat maatregels naam om tenei foar te kommen dat persoansgegevens fan studinten op strjitte komme te lizzen. Sa wurdt der in ekstra 'check' ynfierd en wurdt de ict-befeiliging oanpast.

Ferline wike krigen 500 studinten fan Van Hall in mail mei dêrby in bestân mei alle gegevens, lykas it wenadres, telefoannûmers, e-mailadressen en it BSN-nûmer. It giet om ynformaasje oer alle 4400 studinten fan Van Hall.

De skoalle seit dat der in minsklike flater makke is: it bestân mei gegevens is by fersin as bylage yn in e-mail ferstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)