Van Hall Larenstein Nordwin klear foar NK sinneboatrace

13 maaie 2015 - 17:56
  • De sinneboat fan it team Van Hall Larenstein Nordwin

It sinneboatteam fan it Van Hall Larenstein en it Nordwinkolleezje hawwe tiisdei de boat presintearre dêr't se dit jier mei meidogge oan de sinneboatraces. It ûntwerp komt ridlik oerien mei de boat dêr't se ferline jier Nederlânsk kampioen mei wurden binne. Dochs hawwe se it ien en oar feroare. Dêrtroch fielt de boat steviger oan en soe er hurder farre kinne.

Yn Akkrum fynt dit wykein de tredde edysje fan it Nederlânsk kampioenskip sinneboatrace plak.

De dielnimmers farre freed in rûte fan 50 kilometer oer Grou en De Jouwer. Sneon is der in sprintwedstriid en se farre in rûte troch it sintrum fan Akkrum. De dielnimmers komme ûnder oare út Breda, Arnhem en Delft. De measten komme út Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)