Van Grunsven nei CH Droegeham

27 aug 2004 - 17:14

De Olympyske kampioenen Leontien Zijlaard-Van Moorsel en Anky van Grunsven komme op 4 septimber nei it 25ste konkours hippique yn Droegeham. De organisaasje wol de twa mearfâldige gouden medaljewinneressen huldigje en yn it sintsje sette.

Wat de froulju dêrnjonken krekt dwaan sille is noch net hielendal dúdlik. Amazone Anky van Grunsven sil yn alle gefallen in koarte dressuerkuer op muzyk ride en in clinic jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)