Van Gennip iepenet Middelseerûte

09 maaie 2005 - 14:40

Steatssekretaris Van Gennip fan ekonomyske saken iepenet op 18 maaie de opknapte Middelseerûte. Dat gebeurt mei kommissaris Nijpels en de stjoergroep Middelseerûte.

Ek nimt de steatssekretaris de earste Middelseerûte-krante yn ûntfangst. Dêr stiet allegear toeristyske ynformaasje yn. De krante wurdt ek hús-oan-hús ferspraat by de plakken yn de rûte dêr't ferbetteringen of wurksumheden west hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)