Van Gelder fuort by PvdD

08 apr 2013 - 21:14

Annemarie van Gelder hâldt op as foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de Partij voor de Dieren. De Makkingeaster begûn yn 2005 mei de Wurkgroep Fryslân fan har politike partij. Acht jier letter waard de wurkgroep in ôfdieling. Ta in sit yn provinsjale steaten is de Partij voor de Dieren yn Fryslân lykwols nea kommen.

Van Gelder ferhuzet mei har man nei Frankryk. Se wurdt opfolge troch Herman Gallé.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)