Van Gaal by Drachtster Boys

18 apr 2014 - 17:00
  • Louis van Gaal op besite by Drachtster Boys

Fuotbalbûnscoach Louis van Gaal hat freed op besite west by fuotbalklup Drachtster Boys. Hy die dat yn it ramt fan seleksjedagen fan ballejonges en -famkes foar wedstriden foar it Nederlânsk alvetal. De jeugd út de regio makket dêrby kâns om selektearre te wurden foar de saneamde útswaaiwedstriden' fan it Nederlânsk alvetal foardat se ôfreizgje nei it wrâldkampioenskip yn Brazilië yn juny.

De earste oefenwedstriid fan Nederlân is op 17 maaie tsjin Ekwador. Louis van Gaal hat ek noch in training jûn oan de jeugd yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)