Van Erve oan de slach by Kulturele Haadstêd 2018

27 aug 2015 - 11:49

Jan van Erve is beneamd ta haad Partnership en Kommersje by de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018. Hy wurdt ferantwurdlik foar de kontakten mei it bedriuwslibben en de kommersjele aktiviteiten fan de stichting Kulturele Haadstêd. Jan van Erve wie earder kommersjeel direkteur fan SC Hearrenfean.

Hy sjocht syn nije funksje as in grutte útdaging. Neffens him biedt Kulturele Haadstêd 2018 grutte kânsen foar it regionale en nasjonale bedriuwslibben. Direkteur Ton F. van Dijk is tige bliid mei de komst fan Van Erve.

Neffens him beskikt Van Erve oer in grut netwurk en wit er as gjin oar hoe't it bedriuwslibben belutsen wurde kin by Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)