Van Elzingen wint Molenloop

20 des 2008 - 16:25

Peter van Elzingen fan Ljouwert hat sneontemiddei de Molenloop yn Froubuorren wûn. Hy rûn de 21,1 kilometer yn in tiid fan 1.21,57. Nûmer twa waard Saco Hemstra út Weidum mei in efterstân fan 18 sekonden.

Der wie ek in wedstriid oer alve kilometer dy't wûn waard troch Reinier Ingwersun fan Harns by de manlju. Bettie Agricola fan Goaiïngaryp wie yn dizze wedstriid de rapste by de froulju. Oan it evenemint diene 152 rinners mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)