Van Dijk op goal tsjin Utrecht

11 jan 2008 - 13:39

Rob van Dijk (39) stiet snein by Hearrenfean op 'e nij op goal yn de lestige útwedstriid tsjin Utrecht. Earste keeper Brian Vandenbussche hat in skouderblessuere en is dêrtroch net ynsetber. Sneon wurdt sjoen oft de Flaming dochs op 'e bank sitte kin.

As Vandenbussche hielendal net ynsetber dan reizget A-junior Harm Zeinstra(18) mei as reserve-keeper. Zeinstra hat mei Geert Arend Roorda foar Noardburgum fuotballe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)