Van Dieren ferliest hertesaak

27 apr 2011 - 10:53

Geert van Dieren fan Skylge hat in saak tsjin it ministearje fan Natuer oer it ôfsjitten fan harten op it eilân definityf ferlern. Hy krige fan it ministearje in rekken foar it ôfsjitten fan de harten dy't er mei oaren yllegaal op Skylge útset hie.

Van Dieren wie it net iens mei dy rekken omdat er net de gelegenheid krige om sels foar it ôfsjitten fan de harten te soargjen. Dat hie neffens him folle goedkeaper west as de manier wêrop't it ministearje it dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)